Print This Page

Nieuws

08-08-15 Oane Galama wint Sulveren Pols

Fannemiddei is Oane Galama yn Winsum Fryske Kampioen Fierljepper wurden . De Wiuwerter fierljepper is foar it earst kampioen by de senioaren, en krige de sulveren pols fan John Jorritsma

Oane begûn net goed mei in wietsprong, mar helle dernei mei 19.88 as earste de finale. Dernei wie 20.32 meter genôch foar de haadpriis oer alle klassen. Oane wie der bot op brând om te winnen, hy hie dizze simmer al folle wedstriden wûn en ljept ek yn it shirt fan de klassemints-lieder.

Yn Winsum wie dit jier in apart tournooi foar famkes, de earste winner wie Maureen Poeisz. Hiske Galama wint de froulju, Gerard Hooisma de jonges en Sietse Bokma, dy't lang de fierste sprong fan de wedstriid hie, wûn de junioaren.

Dus: de flagge op de toer foar Oane.