Print This Page

Nieuws

17-12-13 Keningklike underskieding foar Gosse v.d. Ende.

Gosse van der Ende  is tiisdeitejûn beneamd ta Lid yn de Orde van Oranje Nassau.
Dat hat de Kening behage (Gosse en syn kollega's bin de earsten yn Littenseradiel dy't in lintsje fan de Kening krije) omdat Gosse mear as 20 jier frijwillige brânwacht is.
We witte allegear dat Gosse wolris faker in frijwillich sjouwtsje hat, mar dizze earetekenen waarden útdielt omdat per 1 jannewaris de brandweer oergiet yn de Veiligheidsregio Fryslan.
 By gelegenheid dêrfan krigen yn Mantgum 4 spuitgasten in lintsje, en yn Wommels 2. Lintsjes dy't goed te plak kommen binne, want dit wurk is net altyd maklik, mar wol hiel needsaaklik.

Dukke hat yntusken knap drege dagen hân, om de hiele húshâlding knap en op tiid yn Wommels te krijen, sûnder te fertellen wêrt't it om gong. Gosse sels gie de mei syn kollega's mei de brandweerauto hinne.

Op de foto Gosse mei boargemaster Liemburg en pakesizzer Tycho. Sa te sjen is de opfolging regele!    


  Ordeteken lid Oranje Nassau